Jild foar IBF moat werombetelle

08 mrt 2004 - 00:00

De provinsje moat mooglik miljoenen euro werombetelje oan de Europeeske Kommisje. It giet om in subsydzje dy't krigen wie foar it ynternasjonale bedriuweterrein (IBF) by Hearrenfean.

It jild wie krigen om grutte bedriuwen, fan tsien bunder, te ynteressearjen foar it bedriuweterrein. Dat is net slagge. Gemeente en provinsje wolle no lytsere bedriuwen nei it IBF lûke, mar dan moat it jild al werombetelle. Dat betsjut in strop fan sa'n 4,1 miljoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)