Jild foar Heak, Harns, rotonde

29 maaie 2010 - 15:50
  • Demisjonêr minister Eurlings fan ferkear en wettersteat

Minister Eurlings fan ferkear en wettersteat hat sneon yn Goaiïngaryp syn hantekening set ûnder de oerienkomsten fan trije grutte ferkearsprojekten yn Fryslan. It giet om it ferdjipjen fan 'e N31 by Harns, de oanlis fan Heak om Ljouwert en de oanpak fan rotonde by De Jouwer.

De trije projekten betsjutte mei-inoar in ynvestearring fan 543 miljoen euro. Foar de provinsje sette deputearre Adema syn namme. Fertsjintwurdigers fan de gemeenten diene itselde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)