Jild foar Havenkwartier Koudum

08 maaie 2014 - 17:58
  • Koudum

De gemeente Súdwest-Fryslân wol hast 3,5 ton ynvestearje yn de ûntwikkeling fan it Havenkwartier yn Koudum. Hjir moatte in haven en 28 wenten komme. It terrein leit al sûnt 2005 braak. Oarspronklik soe wenningkorporaasje WoonFriesland it Havenkwartier bebouwe, mar dy hat yn 2012 alle nijbouplannen stilsetten yn ferbân mei de strangere lanlike regels.

Yn 2013 hat WoonFriesland him hielendal weromlutsen út it projekt. De gemeente hat no yn WF Vastgoed in nije ûntwikkeler fûn.

De nijbou yn it Havenkwartier is ûnderdiel fan it sintrumplan fan Koudum en is al jierren in grutte winsk fan it doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)