"Jild foar Haïty hurd nedich"

21 jan 2010 - 19:53

It jild dat tongersdei de hiele dei ynsammele is foar Haïty is hurd nedich. Dat seit Margot de Greef fan Twizel dy't op it stuit op Haïty is. Se wurket dêr al hast twa jier as ûntwikkelingswurker.

Fan alle aksjes dy't der west ha krijt se net in soad mei, mar se hopet wol dat it in soad opsmyt. Earst yn jild, want dêr is in grut tekoart oan. Net allinnich om't it in earm lân is, mar ek om't de banken noch altyd ticht binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)