Jild foar Groengas-tankstasjon yn Drachten

16 jan 2015 - 12:27
  • Tankstasjon

It Fûns Skjinne Fryske Enerzjy stelt 200.000 euro beskikber foar de realisaasje fan in Groengas-tankstasjon fan OrangeGas yn Drachten. It tankstasjon yn Drachten is it trettjinde griene stasjon fan OrangeGas yn Fryslân. It is de earste ynvestearring fan it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy, dat septimber ferline jier oprjochte is.

It fûns wol ynvestearje yn projekten dy't enerzjy besparje en duorsume enerzjy opwekke. De provinsje Fryslân hat 90 miljoen euro beskikber steld foar dit fûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)