Jild foar glêstúnbou

17 okt 2010 - 09:32

Wetterskip Fryslân wol goed 300.000 euro bydrage oan it glêstúnbougebiet Waddenglas by Seisbierrum. Fan it jild wurde in wetterberging en natuerfreonlike kaden oanlein.

Oan de súdkant fan Seisbierrum wurdt in glêstúnbougebiet ûntwikkele fan goed 240 hektare. It nije kompleks slút oan by it besteande glêstúnbougebiet. It moat 750 oant 1100 nije arbeidsplakken opsmite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)