Jild foar gas- en sâltwinning

12 feb 2008 - 19:08

Gemeenten dêr 't ierdgas, oalje of sâlt wûn wurdt, soene der in fergoeding foar krije moatte. Dat skriuwt in ûndersykburo dat foar minister Van der Hoeven fan Ekonomyske Saken de mijnwet evaluearre hat.

Gemeenten soene dan mear meiwurking jaan, tinkt it buro. No giet in soad tiid ferlern mei wachtsjen op fergunningen. Minister Van der Hoeven nimt de oanbefelling fan de ûndersikers net oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)