Jild foar fytspaden op It Fean

31 mrt 2011 - 11:54

De gemeente Hearrenfean ynvestearret 750.000 euro om de fytspaden by De Zanden, de Ds. Kingwei en de Haskerútgong op te knappen. De paden moatte opknapt wurde om't se fernield binne troch de woartels fan beammen neist de fytspaden. It asfalt wurdt derom ferfongen troch beton. Dat kin better oer de druk fan de woartels.

Normaal giet in fytspaad sa'n 20 jier mei. Yn dit gefal is der yn 2002 noch in nije asfaltlaach op de fytspaden lein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)