Jild foar Frysk yn berne-opfang

31 maaie 2001 - 00:00

Personeel fan Fryske pjutteboartersplakken en berne-opfangsintra moat better Frysk praten leare. Ek moat it de taal better oerdrage kinne. It Ryk en de provinsje wolle hjir mei-inoar 500.000 gûne foar útlûke.

De oerheid tinkt der oer om foar de oanbelangjende groepen in diploma yn te stellen. It ryk hat ek tasein mear jild te jaan foar it ûnderwiis fan Frysk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)