Jild foar Friesian Show yn FEC

01 des 2004 - 12:09

Deputearre Steaten stelle de kommende fjouwer jier 200.000 euro beskikber foar de Friesian Show. Dat evenemint is de opfolger fan in tal fan aktiviteiten dy't oars ferspraat oer it jier yn it FEC yn Ljouwert holden waarden.

Yn de Friesian Show krije Indoor Fryslân en it Frysk Hynstestamboek in promininte rol. De totale kosten binne sa'n 700.000 euro. Neist de provinsje soe ek de gemeente Ljouwert 200.000 euro bydrage moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)