Jild foar ferve yn karton

17 apr 2008 - 07:35

De Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij, de NOM, ynvestearret yn it Ljouwerter bedriuw Paintcube. Dat bedriuw bringt ferve yn fjouwerkante kartonnen doaskes op 'e merk. It is foar it earst dat soks dien wurdt.

It Ljouwerter bedriuw is krekt begûn en brûkt it jild fan de NOM om it produkt te promoaten. It is de bedoeling om de ferve benammen op ynternet mar ek yn winkels oan de man te bringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)