Jild foar feiligens Waad

31 aug 2012 - 17:24
  • Waadsee Amelân

Der wurdt sân miljoen euro yn de feilichheid op it Waad stutsen. Dat hat steatssekretaris Atsma fan ynfrastrukteur en miljeu fan 'e middei bekendmakke. Der komt in ferkearsbegeliedingssysteem foar de skipfeart dat fia de Waadsee nei de Eemshaven moat. Ein septimber sille Nederlân en Dútslân hjiroer ôfspraken meitsje. It is de bedoeling dat it nije ferkearsbegeliedingssysteem takom jier yn wurking is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)