Jild foar enerzjysunich hûs

19 apr 2011 - 16:29

Fan nije wike ôf kinne alle Friezen 1000 euro krije as sa har hûs enerzjyfreonliker meitsje. De provinsje stelt 1,1 miljoen euro beskikber foar enerzjybesparjende maatregels.

It jild is foar it isolearjen fan it hûs mei dûbeld glês, dakisolaasje, it ferfangen fan ferwaarmingstsjettels of de oanskaf fan sinneboilers. De subsydzjeregeling wurdt útfierd troch it lanlik enerzjybesparringsprogramma Meer met Minder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)