Jild foar enerjzybesparring

15 okt 2013 - 20:41

Húseigeners dy't harren wente enerzjysuniger meitsje wolle troch bygelyks in sinneboiler oan te skaffen of it dak te isolearjen, komme fan 1 novimber ôf yn oanmerking foar subsydzje. De provinsje stelt foar trije jier alve miljoen euro beskikber foar maatregels dy't in hûs enerzjysuniger meitsje. Op syn meast wurdt 2400 euro it hûs beskikber steld.

De provinsje hopet mei de subydzje mear partikulieren oer te heljen har hûs te isolearjen. Dat soe ek mear wurk opsmite moatte foar de Fryske ynstallaasje- en boubedriuwen.

It ynstellen fan de enerzjypreemje is oarspronklik in inisjatyf fan de VVD-steatefraksje. It beskikbere jild wurdt helle út de opbringst fan de ferkeap fan de Nuon-jilden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)