Jild foar elektrysk farren

07 jun 2010 - 17:17
  • Minister Van der Hoeven

Fryske bedriuwen dy't har rjochtsje op elektrysk farren, litte in soad jild lizze. Dat sei minister Van der Hoeven moandeitemiddei by in wurkbesite oan Snits. Neffens har binne der genôch potsjes mei jild dêr't noch hast gjin gebrûk fan makke wurdt. Ut ien dêrfan krijt it Noarden jild foar ynnovaasje, de saneamde Koers Noord-jilden.

De provinsje hat fuortdaliks gebrûk makke fan de situaasje en hat in pakket yntsjinne mei winsken fan bedriuwen foar subsydzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)