Jild foar efterstânslearlingen

23 feb 2004 - 00:00

Fryske basisskoallen krije op koarte termyn mear jild om learlingen mei in efterstân te helpen. Dat sei minister Van der Hoeven fan ûnderwiis moandei, by in besite oan de skoalle fan Boarnburgum.

Mei-inoar komt der yn Nederlân net mear jild beskikber, it sil allinnich oars ferdield wurde moatte, sa fynt Van der Hoeven. No wurdt der by de ferdieling fan de sinten foaral sjoen nei de eftergrûn fan de âlden fan it bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)