Jild foar dykfersterking

31 jul 2014 - 18:01

Oant 2050 sille der miljarden ekstra ynvestearre wurde yn de wetterhúshâlding fan Nederlân. Dat meldt Nieuwsuur, dy't it Deltaprogramma 2015 yn hannen krigen hat. It plan soe pas op Prinsjesdei presintearre wurde troch it ministearje fan Infrastruktuer.

It measte jild sil yn de dykfersterkings by rivieren stutsen wurde, mar ek de kwetsbere kusten fan Fryslân, Grinslân en Seelân wurde yn it rapport neamd.

Neffens Nieuwsuur blykt út it rapport dat der soargen binne oer de Nederlânske ynfrastruktuer. 'Vitale en kwetsbare functies zoals ziekenhuizen en energiecentrales, zijn over het algemeen niet bestand tegen overstromingen.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)