Jild foar duorsum meitsjen hûs

13 feb 2013 - 10:54

De gemeente Ljouwert stelt fiif miljoen euro beskiber foar minsken dy't har wenning duorsumer meitsje wolle. Allinne minsken mei in eigen hûs mei in maksimale WOZ-wearde fan 150.000 euro komme yn oanmerking. It bedrach dat se oanfreegje kinne, leit tusken de 2.500 en 7.500 euro.

De gemeente hopet yn tsien jier dat sa'n 1400 eigeners in oanfraach dien ha. It Stimuleringsfonds Nederlandse Volkshuisvesting jout de lieningen út namme fan de gemeente út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)