Jild foar drinkwetter-projekt

04 aug 2014 - 12:05

De ferkeap fan 'Kraanwater Graag'-earmbantsjes op it festival Welcome to The Village yn Ljouwert hat al mei al 4250 euro opsmiten. It jild giet nei de stichting Water for Life. Dy hâldt him dwaande mei drinkwetterprojekten yn ûntwikkelingslannen.

De 6000 besikers fan it Ljouwerter festival hawwe njonken de earmbantsjes ek folop gebrûk makke fan de tydlike wettertappunten. Mei-inoar is der 165-tûzen liter wetter ôftape.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)