Jild foar dramasearje Omrop

31 maaie 2011 - 12:45
  • Mirjam de With betocht de dramasearje

De nije Fryske dramasearje oer keetjongeren liket in stap tichteby. It mediafûns hat Omrop Fryslân in lytse 40.000 euro jûn om fierder te skriuwen oan it skript. De earste acht ôfleverings wurde no skreaun. Mei dit jild kinne noch fjouwer byskreaun wurde. It idee komt fan regisseur Mirjam de With fan De Jouwer en wurdt útwurke mei toanielselskip Tryater.

Jild om de searje ek op te nimmen, is der noch net. Dêr rinne kontakten oer mei de lanlike televyzjestjoerders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)