Jild foar doku oer Bijlstra

18 apr 2014 - 14:59
  • Cees Bijlstra

De jildaksje foar in dokumintêre oer komponist Cees Bijlstra út Grou hat al mear as 20.000 euro opsmiten. Der is 45.000 euro nedich. Ferskate bekende Friezen, lykas Rients Gratama, Thom Mercuur en Sytze Pruiksma, hawwe tasein fergees mei te wurkjen.

Filmmakker Pieter Verhoeff is dwaande mei de dokumintêre oer Bijlstra en besiket troch crowdfunding it lêste jild bymekoar te krijen. It is dizze moanne tsien jier ferlyn dat de komponist ferstoar oan in hertstilstân.

Bijlstra makke muzyk foar Omrop Fryslân, foar de Avro en ferskate films fan Verhoeff. Omrop Fryslân sil de dokumintêre útstjoere.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.ceesbijlstra.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)