Jild foar doarpshuzen

28 des 2008 - 12:52

Foar de alve doarpshuzen yn Frjentsjerteradiel komt tenei alle jierren jild beskikber foar ûnderhâld. Dat stiet yn de nije notysje dy't de gemeente makke hat oer de doarpshuzen.

Foarearst giet it om 35.000 euro yn it jier. Ferline jier binne alle doarpshuzen yngeand besjoen. Guon binne wol gau oan ûnderhâld ta. Under oare yn Hjerbeam en Seisbierrum moat wat dien wurde. Yn beide doarpen wurdt lykwols earst neitocht oer de rol fan it doarpshûs yn de takomst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)