Jild foar De Jouwer en Harns

17 sep 2009 - 15:57
  • By Harns kin de traverse oanlein wurde
  • en by De Jouwer wurdt it knipepunt rotonde oanpakt

Premier Balkenende hat tasein dat de provinsje rekkenje kin op jild út de krisispot foar de rotonde by De Jouwer en de traverse troch Harns. Dat hat er tongersdeitemiddei sein by de Algemiene Skôgings yn de Twadde Keamer.

Balkenende reagearre op it fersyk fan CDA-fraksjefoarsitter Van Geel om de twa Fryske projekten mei jild út de krisispot te beteljen. It jild yn dy pot is bedoeld om de ekonomy te stimulearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)