Jild foar Damshûs Nij Beets

11 jan 2011 - 20:45
  • It Damshûs krijt jild foar in nij tagongsgebou
  • (foto Martijn de Vries/namix.nl)

De gemeente Opsterlân hat in beste slompe jild krigen út it saneamde A7-konvenantepotsje. Dat hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders tiisdei bekend makke. Sa komt der 400.000 euro foar de ûntwikling fan De Gordyk-East en 65.000 euro foar it projekt Noflik en Duorsum wenjen.

Der is ek 120.000 euro foar it Damshûs yn Nij Beets. Dat is ûnder mear bedoeld foar in nij tagongsgebou en in nij parkearterrein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)