Jild foar bus Bloemkamp

02 mrt 2011 - 10:09

Súdwest-Fryslân stekt de kommende sân jier jild yn de bus fan Bloemkamp yn Boalsert. De bus wurdt brûkt as ferfiermiddel foar kliïnten fan de soarchynstelling.

De bus wie al oan ferfanging ta, mar foar't dy betelle wurde koe, moast der earst in finansjele garânsje foar de kommende sân jier wêze. De gemeente sil goed 45.000 euro yn it jier yn de bus stekke. De ferfanging fan de bus sil betelle wurde troch de stifting Freonen fan Bloemkamp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)