Jild foar buertprojekten

20 okt 2004 - 10:24

Smellingerlân hat goed 17.000 euro útlutsen foar spesjale buertprojekten. It buertbudzjet is bedoeld om de leefberheid yn de wenwiken en doarpen te ferbetterjen. Yn de pot sit jierliks 90.000 euro. Derfan wie oant no ta noch mar 13.000 euro útkeard.

De gemeente hie de ynwenners oproppen om mei mear inisjativen te kommen. Dat is slagge. Der giet jild nei de wykraad De Venen. Dy wol in abry ynrjochtsje as hingplak foar de jongerein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)