Jild foar boeren mei wiet lân

27 apr 2011 - 10:37
  • De greidefûgels hawwe it dreech

De provinsje Fryslân hat 20.000 euro beskikber steld foar boeren dy't finansjele skea ha trochdat se har lân ûnder wetter sette. De boeren sette har lân ûnder wetter om sa de greidefûgels te helpen.

De oanhâldende droechte soarget foar drege tiden foar de fûgels. De fûgelwachten, it Wetterskip en de provinsje ha dêrop boeren oproppen om wetter op har lân te pompen. Op it stuit ha al sân boeren in oanfraach dien foar de fergoeding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)