Jild foar blazer TX11 Warkum

07 des 2011 - 22:07

It Suderseemuseum yn Enkhuzen stelt foar de kommende fiif jier jild beskikber foar it ûnderhâld en de eksploitaasje fan de blazer TX11. Dy boat leit yn Warkum. De Stichting ta Behâld fan de blazer TX11 en it museum ha dêrfoar in oerienkomst sletten.

Yn 2008 kaam it skip nei Warkum om't der yn Enkhuzen gjin bestimming mear foar wie. De bemanning koe der ek net mear mei farre. De stifting 'Behoud TX11' hat him der doe om bekroade. Der is in nij foar- en achterdek op kommen. Op dit stuit fynt in folsleine restauraasje plak. Yn de oerienkomst is fêstlein dat de Warkumer stifting it skip brûkt om it museum yn Enkhuzen ûnder de oandacht te bringen. Ek wurdt it brûkt foar toeristen. It oarspronklike skip is yn 1894 yn Warkum boud.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)