Jild foar bettere rekreaasje

15 okt 2013 - 19:26

De provinsje hat twa miljoen euro klearlizzen foar it ferbetterjen fan toeristyske akkommodaasjes en foarsjenningen yn Fryslân. Dy akkommodaasjes en foarsjenningen moatte mei de regeling oanpast wurde oan de hjoeddeiske easken fan toeristen. Undernimmers dy't foar in bydrage yn oanmerking komme wolle, moatte op syn minst in ton yn de ferbettering stekke, de provinsje betellet dêr dan op syn minst 40 prosint fan, mei in maksimum fan in ton.

Underhâldskosten falle net ûnder de regeling. Fan 18 novimber ôf kin der in bydrage oanfrege wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)