Jild foar bestellen amazônes

23 sep 2008 - 14:36

Tineke Ekkers en Sandra Visser krije 150 euro fan wethâlder Roel Ruben út namme fan de gemeente Ferwerderadiel. De froulju hawwe nammentlik de Alvestêdetocht op it hynder riden, om jild op te heljen foar de diere-ambulânse. Dat bedrach waard fan se stellen.

Tiisdeitemoarn krigen se it bedrach werom op it gemeentehûs yn Ferwert. Ynkoarten jouwe se it jild oan de diere-ambulânse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)