Jild foar besinningstoerisme

26 apr 2012 - 14:17

De provinsje Fryslân hat mei-inoar 70.000 euro beskikber steld foar fjouwer projekten op it mêd fan it saneamd besinningstoerisme. It giet dan om 25.000 euro foar aktiviteiten yn it ramt fan de 400e bertedei fan Saskia van Uylenburgh, 21.000 euro foar de musical Bonifatius, 15.000 euro foar kultuerreizen troch Fryslân en 9000 euro foar sân tsjerken dêr't muorrekleden fan keunstner Muilwijk te sjen binne.

De projekten passe neffens de provinsje by de ambysje om fan Ljouwert yn 2018 kulturele haadstêd te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)