Jild foar beropskrêft Bilts

20 sep 2013 - 12:15
  • It gemeentehûs fan It Bilt yn Sint-Anne

De gemeente it Bilt krijt mei yngong fan 2015 in beropskrêft dy't de Biltse taal en kultuer fersterkje moat. De beropskrêft komt te wurkjen by in nij 'Bilts Kultuerynstitút' dy't de Biltse kulturele ynstellings mei-inoar oprjochtsje sille. De ried fan it Bilt hat tongersdei unanym ynstimd mei it foarstel foar in kultuerynstitút mei in betelle taalkonsulint.

De ried wol sa de beskerming fan it Bilts goed regelje, foardat de gemeente mei Frjenstjerteradiel en Menameradiel opgiet yn de nije gemeente Westergo.

Foar de beropskrêft is de kommende jierren 20.000 euro yn it jier beskikber. Ek is de gemeente It Bilt fan doel om de kommende jierren sels faker it Bilts te brûken yn de kommunikaasje mei de ynwenners. De gemeente wol ek besykje om de status fan it Bilts te ferheegjen troch de taal opnimme te litten yn it Hânfêst fan Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa en de Unesco-atlas fan bedrige talen.

Stichting Ôns Bildt is tige wiis mei it beslút fan de gemeenteried. Op dit stuit wurdt al it wurk foar de Biltse taal fral troch frijwilligers dien en dat is fral op langere termyn dreech fol te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)