Jild foar basisskoalle Oentsjerk

15 aug 2004 - 14:29

Iepenbiere basisskoalle De Opstap yn Oentsjerk krijt nei alle gedachten goed 400.000 euro foar in ekstra lokaal en meubels. It tal learlingen fan de skoalle is de lêste tiid sa bot groeid dat der ekstra rûmte nedich is.

Boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel stelle no foar om 425.000 euro út te lûken foar in ekstra lokaal en hast 14.000 euro foar learmiddels. De gemeenteried praat dêr ein augustus oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)