Jild foar Amelanner kwelder

26 aug 2010 - 11:29

It ministearje fan VROM stelt in heal miljoen euro beskikber foar de kwelder fan De Feugelpôlle op It Amelân. Dêrmei is de helte fan it bedrach binnen om de kwelder te rêden.

De Feugelpôlle driget ûnder te strûpen troch de streaming fan it Borndjip en ôfbrokkeljen fan de kwelder. In kombinaasje fan maatregels, wêrûnder de oanlis fan moksel- en oesterbanken, moat de kwelder rêde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)