Jild foar âlde buorkerijen

03 jul 2006 - 19:29

Nochris twa âlde histoaryske pleatsen yn Fryslân krije jild om it boerebedriuw te kombinearjen mei de âlde pleats. Dat makke deputearre Anita Andriesen moandeitemiddei bekind by de ôfsluting fan it projekt It Frysk Boerespul.

De pleats fan de famylje Jongbloed yn Wurdum is geskikt makke om jongfee yn te hâlden. Sa wurdt oantoand dat in âld buorkerij noch bêst te brûken is foar in moderne boer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)