Jild fan Ype Smid foar Cambuur

17 des 2010 - 17:36

Cambuur is wer in stap fierder op wei nei de rêding. De groep ynvestearders mei sakeman Ype Smid hie al in heal miljoen beskiber steld. Der wie noch 250.000 euro te min. Dat bedrach wurdt troch dyselde groep opbrocht.

De gemeente Ljouwert stiet garant foar Cambuur. Betingst is dat de sittende rie fan kommissarissen opstapt. Ype Smid heart dêr net by. Hy wol no as jildsjitter wol yn 'e rie. Dan kim er nei eigen sizzen sels op de ynvestearring passe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)