Jild 'Energiek Noordwolde'

04 jul 2013 - 11:39

De gemeente Weststellingwerf wol goed tsien miljoen oan Nuon-jild foar it projekt 'Energiek Noordwolde'. Neffens de gemeente wurdt troch it projekt de maatskiplike belutsenheid fan minsken grutter en jout it minsken de kâns om út harren isolemint te kommen. Boppedat moat it de rekreaasje ten goede komme en dat soe dan wer wurkgelegenheid opsmite kinne.

De totale kosten foar 'Energiek Noordwolde' binne 14 miljoen euro. De gemeente Weststellingwerf en soarchynstellings wolle 3,5 miljoen euro meibetelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)