Jild beskikber om binnenstêd Frjentsjer oantreklik te hâlden

04 mrt 2016 - 11:57
  • Winkelstrjitte yn Frjentsjer

Om de binnenstêd fan Frjentsjer oantreklik te hâlden en leechstân tsjin te gean, ynvestearret de gemeente Frjentsjerteradiel 10.000 euro. Dat jild giet nei de Stichting Spare Space. Dy stichting transformearret leechsteande winkels en kantoargebouwen yn mobile kantoaren en winkels.

Startende ûndernimmers krije op dy wize de beskikking oer goedkeape kantoar- of winkelromte. As dat goed wurket, kinne dy ûndernimmers letter fierder yn in oar gebou of betelje se in hierpriis dy't mear merk-konform is.

Dat soe de starters helpe om op leechdrompelige wize in bedriuw op te starten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)