Jild akwadukt werombetelle

26 apr 2005 - 08:53

De gemeente Wymbritseradiel is 115.000 euro riker. Dat jild komt fan buorgemeente Gaasterlân-Sleat. Dy hie dat bedrach yn 1999 tasein as bydrage oan it akwadukt fan Wâldsein.

Gaasterlân-Sleat hat belang by de komst fan dat akwadukt omdat de gemeente dêrtroch foar sawol it ferkear oer de dyk as op it wetter folle better berikber is. De folsleine kosten foar it akwadukt wurde rûsd op 15 miljoen euro. It sil yn 2007 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)