Jierren fertraging troch skeel

14 jan 2010 - 15:39

As de ferbouplannen fan de âlde Alexanderskoalle yn Harns misrinne, rint de komst fan 12 opfangplakken foar handikapten jierren fertraging op, wylst der no al in wachtlist is. Dat ferwachet soarchynstelling 's Heeren Loo. De Bouferiening yn Harns wol de âld skoalle wol ferbouwe, mar wol der net 850.000 euro foar betelje. Dêr is it gebou op taksearre.

Neffens de gemeente hat de Bouferiening 145.000 euro bean, mar Harns fynt dat fierstente min.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)