Jierrekken Boarnsterhim okee

03 maaie 2012 - 19:36
  • Logo gemeente Boarnsterhim

De gemeente Boarnsterhim hat it yn 2011 goed dien, mar hat dochs in fiks tekoart op de jierrekken. De akkountant hat de jierrekken oer 2011 wol goedkard. De jierrekken lit yn de bedriuwsfiering in oerskot sjen fan 2,5 miljoen. Troch de krisis is der hast gjin grûn ferkocht en dat kostet hast fiif miljoen en ek de wearde fan it âlde gemeentehús foel bot ôf. Dêrtroch slút de jierrekken úteinlik 4,4 miljoen yn de min.

Boarnsterhim buorket achterút, mar mei ekstra help fan it ryk moat de gemeente by de weryndieling finansjeel op oarder wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)