Jieroersjoch 2014: de nijstop 10 fan novimber

30 des 2014 - 07:30
  • De Sionsberg
  • Spandoek yn Riis tsjin komst tefolle asylsikers
  • Brân yn loads transportbedriuw Mitselwier
  • Fryske AH-poster yn Grins, Albert Heijn

Noch twa dagen en dan is it alwer 2015. Dêrom sjogge wy werom op it belangrykste, aardichste en opfallendste nijs fan 2014. Oant en mei 31 desimber pleatse wy alle dagen in Top 10 fan in moanne, makke op basis fan meast lêzen berjochten op omropfryslan.nl en de apps. Hjoed in oersjoch fan it nijs fan novimber.

1. Soarchgroep Pasana fallyt, sikehûs De Sionsberg ticht

In grutte klap foar Noardeast-Fryslân. Soarchgroep Pasana hat in skuld fan 40 miljoen euro en is fallyt. It fallisemint treft 1400 meiwurkers fan sikehûs De Sionsberg en de âlderensoarch. De meiwurkers reagearje ferslein op it niis. Pasjinten fan De Sionsberg wurde oerberocht nei oare sikehuzen. Der wurdt oan alle kanten besocht it Dokkumer sikehûs dochs iepen te hâlden.

2. COA wol 500 asylsikers ûnderbringe yn Riis

Opskuor yn Riis as bekend wurdt dat it COA op syn meast 500 asylsikers ûnderbringe wol op de lokaasje Mooi Gaasterland. De gemeente De Fryske Marren wol net fierder gean as 250 asylsikers yn it doarp dat 170 ynwenners telt. In ynformaasjejûn dêr't de gemeente en it COA iepenheid jaan sille, soarget foar lilkens by de doarpsbewenners en politisy as blykt dat dy iepenheid der net komt.

3. Diskoteek TDF dochs wer iepen

Diskoteek The Dance Factory yn Berltsum giet dochs wer iepen. In ynvestearringsgroep hat de diskoteek oernaam fan Jetze Hoekstra. Hoekstra hâldt wol de lieding yn de saak. De diskoteek giet yn in oare foarm troch. Sa gean de doarren allinnich iepen as der feesten of aktiviteiten pland binne. Yn april dit jier gie de diskoteek ticht.

4. Friezen ha de op ien nei grutste

Fryske manlju hawwe neat te kleien oer de lingte fan de penis. Dat docht bliken út ûndersyk fan in kondoomwebside. Fan 25.000 bestellings is sjoen hokker maat kondooms besteld binne en út hokker provinsje de bestelling kaam. Yn Súd-Hollân wurdt it faakst de grutste maat besteld. Fryslân stiet op plak nûmer twa.

5. Motorrider komt om by ûngelok yn Easterbierrum

In 44-jierrige motorrider út Easterbierrum komt om it libben by in ûngelok yn syn wenplak. In 38-jierrige man út Frjentsjer, dy't ek op de motor sit, rekket slim ferwûne. In foarbygonger sjocht de twa op strjitte lizzen en warskôget de helptsjinsten. It is net dúdlik hoe't it ûngelok krekt barre koe.

6. Loads mei seis frachtweinen yn Mitselwier baarnt út

In loads fan transportbedriuw Hovenga yn Mitselwier baarnt folslein út. Yn de loads steane seis frachtweinen en in shovel. Dy geane ferlern. De brânwacht skaalt al gau op nei grutte brân. Brânwachtkorpsen fan Dokkum, Ternaard en Eanjum bestride it fjoer.

7. Meiwurker boubedriuw swierferwûne by oanlis akwadukt

By it akwadukt fan de westlike ynfalswei yn de nij oan te lizzen Heak om Ljouwert rekket in meiwurker fan Ballast Nedam swierferwûne. Dat gebeurt by de tarieding fan it fuortheljen fan daamwanden. It slachtoffer wurdt oerbrocht nei it sikehûs. De Inspectie Sociale Zaken en Werkgelegenheid stelt fuort in ûndersyk yn.

8. Man komt om by wenningbrân yn Aldebiltsyl

Yn Aldebiltsyl komt in man om by in grutte brân yn in frijsteande wenning. It giet nei alle gedachten om de bewenner. It fjoer brekt moarns om healwei seizen út. Al gau docht bliken dat de wenning net mear te rêden is.

9. Keninginne Máxima iepenet Jouster brede skoalle

It gebou fan de nije Brede School Joure Zuid op De Jouwer wurdt iepene troch Keninginne Máxima. De Brede Skoalle is in unike gearwurking tusken de twa basiskoallen, keunstesintrum It Toanhûs en ferskate berne-opfang- en wolwêzensorganisaasjes. De bern fan de skoallen sjonge ûnder oare ferskes foar de keninginne.

10. Foutsje: Fryske AH-reklameposter in Grins

Supermerk Albert Heijn hat by fersin Frysktalige posters ophongen yn de stêd Grins. Mei de reklameposters freget de supermerk oandacht foar de nije besoarchservice. De flater smyt fuortendaliks in soad reaksjes op yn de sosjale media. Fersekerder Centraal Beheer spilet tûk yn op de posterflater.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)