Jieroersjoch 2014: de nijstop 10 fan maaie

24 des 2014 - 07:30
  • De dug-out op it sportfjild
  • De plysje naam ûnder oare auto's yn beslach
  • Plysje-auto triuwt it rindier foarsichtich fan de autodyk ôf
  • It cruiseskip komt de haven fan Harns binnen

Wy sjogge werom op it belangrykste, aardichste en opfallendste nijs fan 2014. Oant en mei 31 desimber pleatse wy alle dagen in Top 10 fan in moanne, makke op basis fan meast lêzen berjochten op omropfryslan.nl en de apps. Wy binne oankaam by maaie.

1. Famke komt om by ynstoarten fan dug-out

By in dramatysk ûngelok by in skoalkuorbaltoernoai yn Twizel komt in 10-jierrich famke út Surhústerfean om it libben. It slachtoffer siet yn in stiennen dug-out dy't ynienen ynstoarte. Al mei al reitsje fiif bern ferwûne. It famke ferstjert krekt letter yn it sikehûs. De organisaasje hat ferskate kearen warskôge dat bern net op de dug-out sitte moasten.

2. Flinke opbringst by ynfallen foar wytwaskûndersyk

De plysje en de FIOD dogge op 13 plakken yn Ljouwert ynfallen fanwege grutskalige wytwaskpraktiken. Twa haadfertochten, manlju út Ljouwert fan 34 en 47 jier, hiene in útjeftepatroan dat net by har ynkomsten paste. Der wurde ûnder oaren djoere auto's, boaten, ark en 150.000 euro yn kontanten yn beslach naam.

3. Fuortheljen fan pealtsjes op Ljouwerter Ruterskertier is jackpot

Yn in wike tiid wurde op it Ruterskertier yn Ljouwert mar leafst 324 bekeurings útdield. Foarhinne stiene der beweechbere peallen om de dyk of te sluten. Der barden lykwols tefolle ûngelokken, omdat auto's achter bussen oanrieden.

4. Man komt om by botsing mei Drachtster fytsbrêge

In 32-jierrige automobilist út de Grinslanner gemeente Winsum komt om by in ûngelok op de Suderhegewei yn Drachten. By de rotonde ried it slachtoffer tsjin de pylder fan de fytsbrêge oan. Troch de klap rekket de fundearring fan de brêge skansearre.

5. Fiif minsken nei sikehûs troch koalmonoksidefergiftiging

Fiif minsken út Bakkefean wurde nei it sikehûs brocht, omdat se fergiftige wiene troch koalmonokside. De minsken, twa folwoeksenen en trije bern, wiene allegear yn in hûs oan de Boskkamp en fielden har net goed. Sy bellen it alarmnûmer.

6. Rindier set it op in rinnen

De plysje hat it ein maaie drok mei in rindier op de A31. De dyk is in skofke ôfsletten. It rindier is foarsichtich mei help fan in plysje-auto ferjage. Al mei al wiene der trije rindieren útbrutsen.

7. Harnzer echtpear komt om by ûngelok yn België

By in swier ûngelok yn België komme twa Harnzers fan 51 en 52 jier om. It giet om de eksploitanten fan de bekende Harnzer snackbar De Kombuis. In Roemeenske frachtweinchauffeur (39) ried op in file yn. De frachtwein en it buske fan it stel baarnden hielendal út.

8. Kening Willem-Alexander ûnder de yndruk fan nije Starumer slûs

Kening Willem-Alexander is ûnder de yndruk fan de nije Johan Frisoslûs yn Starum. Hy fynt it mei rjocht de 'Poarte fan Fryslân'. Sa seit de kening by de offisjele iepening. Troch de nije slûs kin it wetterferkear tenei folle makliker en flotter fan de Iselmar ôf Fryslân ynfarre en oarsom.

9. Tim Douwsma makket namme yn Europa as 'hot guy'

Sjonger Tim Douwsma út Wynjewâld wit net wat him oerkomt nei syn ferskining op it Eurovisie Songfestival. Minsken út hiel Europa fregen harren ôf wa't dy 'hot guy' is dy't út namme fan Nederlân de punten foar it sjongfestival útdield.

10. Earste cruiseskip yn Harnzer haven

In primeur foar Harns as it cruiseskip 'National Geographic Explorer' begjin maaie de haven fan Harns binnen fart. Sa'n 150 minsken sjogge yn de haven hoe't it skip fan 115 meter lang oankomt. Harns is opnaam yn it farskema fan Lindblad Expeditions. De stêd wurdt dêr omskreaun as 'lovely little seaside town'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)