Jieroersjoch 2014: de nijstop 10 fan jannewaris

20 des 2014 - 07:30
  • Fan boppen is de omfang fan de skea goed te sjen
  • De muzykteatersjo Faderpaard
  • Marco van Basten
  • By it Cambuur-stadion namen fans ôfskie fan Auke de Sloper

De ein fan 2014 is yn sicht. Heech tiid om werom te sjen op it belangrykste, aardichste en opfallendste nijs fan it jier. Oant en mei 31 desimber alle dagen in Top 10 fan in moanne, makke op basis fan meast lêzen berjochten op omropfryslan.nl en de apps. We begjinne mei jannewaris.

1. Grutte brân yn deakistefabryk yn Burgum

In grutte brân leit op 31 jannewaris it deakistefabryk fan Hoogland folslein yn de jiske. De eigener rekket ferwûne as er besiket it fjoer te blussen.

2. Jubileumshow Hynstestamboek 'Faderpaard' yn premjêre

Yn it WTC Expo wurdt foar it earst 'Faderpaard' opfierd, de show fanwege it 135-jierrich jubileum fan it Frysk Hynstestamboek. Yn it teaterstik spylje 100 Fryske hynders in rol.
De wrâldferneamde Amerikaanske skriuwer Dan Brown is earegast.

3. Trainer Marco van Basten ferlit SC Hearrenfean

Trainer Marco van Basten hâldt op SC Hearrenfean. Hy seit it goeie gefoel te missen. It nijs is foar in soad minsken as ferrassing.

4. Njoggen ferwûnen by ûngelok mei bus

By Tolhekbuert reitsje njoggen minsken ferwûne as in bus fan Qbuzz út de bocht fljocht en tsjin in beam botst. Oarsaak is ûnbekend.

5. Fries wint 30 miljoen euro yn Staatsloterij

It jier kin foar in ûnbekende ynwenner fan Fryslân net better begjinne. Hy of sy wint mei in Staatslot de haadpriis fan 30 miljoen euro.

6. Ljouwert nimt op passende wize ôfskied fan Auke de Sloper

Mei in tocht troch de stêd wurdt ôfskied naam fan Auke Sloper. Hy waard lanlik bekend troch 'Man Bijt Hond' en yn Ljouwert stie er bekend as de 'âldste hooligan fan de stêd'.

7. EVT-fearboat wurdt foar tûzenen euro's fernield

Fearboat De Spathoek fan de EVT wurdt foar tûzenen euro's fernield. Ynbrekkers slagge ta wylst de boat by de werf leit.

8. Prinses Beatrix te gast by jubileumhynstekeuring

De hynstekeuring fan it Frysk Hynstestamboek lûkt 25.000 besikers, in rekôroantal. Ek prinses Beatrix sit yn it publyk. It hynstestamboek bestiet 135 jier.

9. It is wer derbytiid: ludike aksje by Cambuurstadion

Supporters fan SC Hearrenfean hingje foarôfgeand oan de derby by it Cambuurstadion in spandoek op fan 'Klein Duimpje'. Dat soe better by de Ljouwert klup passe as de bynamme 'Slapende reus'. Cambuur wint de Fryske twastriid mei 3-1.

10. Bestjoerder rydt troch nei ûngelok en lit slachtoffer swierferwûne achter

In shoarmabesoarger op in scooter rekket swier ferwûne as er oanriden wurdt. Nei de oanriding rydt de dieder troch. As in tsjûge earste help ferliend oan it slachtoffer wurdt syn fyts stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)