Jieroersjoch 2014: de nijstop 10 fan febrewaris

21 des 2014 - 07:30
  • De kij fan De Groot wurde ynladen yn de feewein
  • Jillert Anema yn CNBC
  • Ien fan de Fryske 'NekNomination'-filmkes

De ein fan 2014 is yn sicht. Heech tiid om werom te sjen op it belangrykste, aardichste en opfallendste nijs fan it jier. Oant en mei 31 desimber alle dagen in Top 10 fan in moanne, makke op basis fan meast lêzen berjochten op omropfryslan.nl en de apps. We binne by febrewaris.

1. Grut alarm fanwege fertocht pakketsje yn Sint Anne

Bewenners fan 16 apparteminten yn Sint Anne moatte harren hús út fanwege in fertocht pakketsje. Dat is besoarge by ien fan de bewenners. De EOD makket it pakket mei in tige brânbere stof ûnskealik.

2. Fee fan biologysk boer Thom de Groot yn beslach naam troch NVWA

De NVWA besiket it fee fan biologysk boer Thom de Groot yn beslach te nimmen, omdat de bisten net goed behannele wurde soene. De boer blokkeard syn pleats mei in trekker. Lang hâldt er de NVWA lykwols net tsjin.

3. Twa minsken komme om by ûngelok op N359

By in slim ûngelok op de N359 by De Lemmer komme twa minsken om it libben, in 19-jierrich famke en in 69-jierrige man. It giet om de bestjoerders fan twa auto's dy't frontaal meimekoar yn botsing komme.

4. Slopers fine amper guod yn útbaarnde gebouwen oan De Kelders

Begjin febrewaris wurdt begûn mei it slopen fan de útbaarnde gebouwen oan De Kelders yn Ljouwert. By de grutte brân kaam in studint om it libben en giene tal fan wenten yn flammen op. De slopers fine kwalik persoanlik guod werom.

5. Net Sven, mar Jorrit pakt olympysk goud op de 10 km

By de Olympyske Spelen yn Sotsji wint Jorrit Bergsma fan Aldeboarn it goud op de 10 kilometer. Sven Kramer is goed 5 tellen stadiger en wurdt twadde. Bob de Jong pakt it brûns en soarget foar in folslein oranje poadium.

6. 'Bonnie en Clyde' nei dagenlange klopjacht oppakt yn Dútslân

Dagenlang binne se op 'e rin foar de plysje, Antonio van der P. fan De Harkema en syn freondinne Enise B. Mei help fan it publyk wurde se fûn yn Dútslân. It duo waard socht fanwege in spoar fan geweld, lykas swiere mishanneling, ûntfiering en gizeling.

7. Fermiste frou wurdt dea weromfûn

Nei in fermissing fan in wike wurdt Thea Kootstra út Ravenswâld dea weromfûn yn in greide. De frou waard fermist nei in besite oan in kafee yn Appelskea. Der waard in grutte syktocht op tou setten. Der binne gjin spoaren fan in misdriuw fûn.

8. Jillert Anema lêst Amerikaanske reedriders de les

Reedrydcoach Jillert Anema makket namme yn Amearika. De Amerikaanske reedriders krije live op televyzje de wyn fan foarren fan Anema. Yn in ynterview mei CNBC hat er gjin goed wurd oer foar de prestaasjes fan de Amerikanen yn Sotsji.

9. 600 geiten komme om by brân yn geitehâlderij

By in brân yn in geitehâlderij yn Murns komme 600 geiten om. De boer rint swiere brânwûnen op as er trije hynders besiket te rêden út de baarnende stâl. Ek de hynders oerlibje it drama net.

10. Nij drankspultsje op sosjale media populêr by Fryske jeugd

It wie ien fan de ferskillende hypes fan dit jier: NekNomination. De opdracht wie in filmke te meitsjen wêryn't de dielnimmers in heale liter bier of sterke drank yn ien kear achteroer slagge op in sa orzjineel mooglike wize of lokaasje. Ek de Fryske jeugd docht mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)