Jierlikse karavankontrôle

12 apr 2003 - 00:00

By de jierlikse karavankontrôle fan ferkearsorganisaasje 3VO binne sneon yn Ljouwert hast 40 karavans neisjoen. De organisaasje is hiel tefreden oer de steat fan ûnderhâld fan de karavans.

Plysjekontroleurs sjogge ûnder oare nei de spanning fan de bannnen, mar ek de oanwêzige gasynstallaasje wurdt besjoen. Nei ôfrin krije de karavan- besitters in rapport dêr't yn stiet hokker saken net doge. De kontrôle waard foar de tredde kear hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)