Jierlikse dowestriid Westereen

18 aug 2011 - 14:53

De histoaryske dowewedstriid yn De Westereen wurdt in jierlikse tradysje. Dat hat de organisaasje besletten nei de goeie reaksjes woansdei en ferline jier. By de histoaryske wedstriid wurde gjin digtale helpmiddels brûkt, mar moat de dowehâlder syn eigen wedstiiddo fange en de ring derôf helje. Dêrnei moat er sa hurd mooglik mei it rinkje nei it kafee fytse en it dêr yn in sintrale klok dwaan.

De organisaasje oerwaget tenei in goed doel oan de wedstriid te ferbinen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)