Jierfeest Citroënklub yn Snits

14 sep 2008 - 12:50

De leden fan de Citroënklub TAN fiere snein har jierfeest yn Snits. TAN stiet foar Traction Avant Nederland, in bepaald model Citroën, mei in lange motorkap, grutte spatskermen em losse koplampen.

De earste yn dy soarte kaam yn 1934 op de merk. Omdat er goed op de dyk lei, wiene bankrôvers, gangsters en oare kriminelen der sljocht op. Yntusken binne se hiel populêr by leafhawwers fan klassike auto's. Dy ha har feriene yn de TAN.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)