Jier sel easke tsjin oanrander

05 sep 2001 - 00:00

Tsjin in 40-jierrige man út it Drintse Nijeveen is in jier selstraf easke. De man waard yn april dit jier oppakt op It Hearrenfean fanwege it lêstichfallen fan froulju.

De man hat bekend dat er de ôfrûne trije jier tsientallen froulju folge en betaaste hat. Ek liet er harren pornofoto's sjen. De man wie benammen aktyf in Drinte, mar ek op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)