Jier sel easke foar berneporno

06 mrt 2012 - 14:32

Der is tiisdei by de rjochtbank yn Ljouwert ien jier selstraf easke tsjin in Ljouwerter (38) yn ferbân mei it yn besit hawwen fan berneporno en it fersprieden dêrfan. It gie mei-inoar om sa'n 20.000 foto's en in lytse 200 films. De berneporno waard troch de Ljouwerter sammele yn de perioade fan desimber 2010 oant en mei novimber 2011.

Oer twa wiken is de útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)